Home

Amendementen

Amindemint

Nûmer:
Titel : Fryske boeken foar basisskoallen
Aginda : 4D / 7 B
Underwerp : Begrutting 2022

De ried fan De Fryske Marren byien op woansdei 10 novimber

O erwaagjende dat

  • De Fryske taal in wichtich plak hat yn gemeente De Fryske Marren, net allinich yn wurd, mar ek yn die;
  • It ministearje fan OCW 6 kearndoelen fêstlein hat oer de Fryske taal;
  • De helte fan dizze kearndoelen harren rjochtsje op skriftlik ûnderwiis en taalbeskôging;
  • Skoallen ferplichte binnen om aktiviteiten yn it ramt fan dizze kearndoelen te ûntploaien;
  • Sels Fryske boeken lêze en/as foarlêzen wurde yn it Frysk, ien fan dizze aktiviteiten wêze kin;
  • It sels lêzen en/as foarlêzen fan Frysk dêrmei de Fryske taal beguenstigd en de lêswille fan bern fergrutsje kin;
  • Alle skoallen yn De Fryske Marren wurkje yn it ramt fan Taalplan Frysk, om it oanbod kwa Frysk op skoalle út te wreidzjen.

Is fan oardiel dat:

  • de gemeente sjen litte kin oan it ûnderwiis en de boargers dat it Frysk der ta docht;
  • dit in moaie kâns is om de skoalle biblioteek út te wreidzjen;
  • de Fryske taal fersterke wurdt yn it basisûnderwiis;
  • Skoallen op in leechdrompelige wize yn de gelegenheid stelt wurde om it Frysk yn it ûnderwiis better stâl te jaan.

Beslút
Dat yn de begrutting 2022 opnaam wurdt, dat der foar 2022 en 2023, jierlyks € 8000,- frijmakke wurdt om
alle basisskoallen yn de gemeente De Fryske Marren de gelegenheid te jaan om Frysktalige boeken te
keapjen foar de eigen skoalbibleteek. Dit oant it bedrach fan €200 per skoalle, per jier. Nei dizze pilot fan
twa jier wurdt sjoen as dit struktureel kin.

En giet oer ta de oarder fan de dei

Gerda de Vries (FNP)
Frans Westra (PvdA)
Sytze Holtrop (Christenunie)
Anne Merkuur (Groenlinks)
Roel Roelevink (CDA)
Ivo de Wolff (VVD

Deze pagina is gebouwd op 06/03/2022 11:00:20 met de export van 11/15/2021 07:32:17